De Harkema ferslein troch stjergefal, yn oerlis giet it doarpsfeest wol troch

20 jun 2019 - 13:02

De fersleinens yn de mienskip fan De Harkema is grut nei it ferstjerren fan in jonge frou út Feanwâlden op it doarpsfeest. De frou fan 20 jier âld ferstoar woansdei yn 'e jûntiid hommels ûnder in aktiviteit op it feestterrein, op in natuerlike wize. Yn oerlis hat it bestjoer besletten dat it doarpsfeest wol trochgiet.

Neffens de organisaasje fan it feest, DFC Harkema, is it nijs hurd oankaam yn it doarp. De fraach wie oft it doarpsfeest noch wol trochgean koe. "Het lijdt geen twijfel dat wij als bestuur enorm worstelen om een juiste beslissing te nemen," skriuwt de organisaasje. "Na zorgvuldig overleg met de familie hebben wij besloten de activiteiten in Harkema door te laten gaan."

Feestkommisje iepen foar petear

DFC Harkema jout oan dat it bestjoer alle dagen oansprekber is foar de minsken dy't ferlet hawwe om oer it ynsidint te praten. Fierder winsket it bestjoer fan de feestkommisje de minsken dy't tichteby de frou stean in soad sterkte ta.

Foto: DFC Harkema
(Advertinsje)
(Advertinsje)