De kontenerramp as ynspiraasje foar in tentoanstelling op Oerol

20 jun 2019 - 12:26

In telefoan, in hierföhn en de ferneamde My Little Pony's dy't yn jannewaris manmachtich oanspielden op Skylge. Al dat guod fertelt in ferhaal yn in grutte seekontener op it Skylger strân. It is ien fan de tentoanstellingen op Oerol: 'Plastic Revanche.'

Byldzjend keunstner Judith Hofland hat dizze útstalling makke mei oanspield guod. "Ik had al het idee om voorwerpen hun verhaal te laten vertellen in relatie tot de mens, hoe spullen door de mens worden behandeld."

Doe't de kontenerramp yn jannewaris plakfûn, wie sy noch mear oertsjûge fan it idee en naam sy kontakt op mei Oerol.

"Ik hoop dat mensen door deze tentoonstelling meer betekenis aan hun spullen geven en er waardevoller mee omgaan." Hofland bedoelt bygelyks guod reparearje litte en net fuortendaliks weismite en dat minsken úteinlik minder guod keapje.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy yn petear mei keunstner Judith Hofland

(advertinsje)
(advertinsje)