It slagget De Fryske Marren net ynternasjonaal ûnderwiis yn Balk te hâlden

It ynternasjonale middelber ûnderwiis oan asylsikersbern, arbeidsmigranten en statushâlders ferlit Balk. De hjoeddeiske lokaasje by it Bogerman yn it doarp wurdt te lyts en dus giet it nei it gebou fan basisskoalle De Dam op De Lemmer. Dizze skoalle dêr hâldt nei de simmer op en dus komt der romte frij. De gemeente hie it ynternasjonale ûnderwiis leaver yn Balk, mar neffens wethâlder Luciënne Boelsma wie dat net te dwaan.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De hjoeddeiske lokaasje by it Bogerman wurdt te lyts om't it asylsikerssintrum yn it doarp wer iepen gien is. Op dit stuit sit de saneamde Ynternasjonaal Skeakelklasse yn ien lokaal op it Bogerman. Der sitte mar in hânfol learlingen yn, mar nei de simmer wurdt rekken hâlden mei sa'n 50 bern.
Luciënne Boelsma: "Wy hawwe fansels earst om ús hinne sjoen yn Balk sels, mar foar safolle bern is der gewoan net in geskikt plak te finen. En dus kaam De Dam yn byld."

Tefreden op 'e Lemmer

Earder dizze wike binne omwenners fan De Dam op 'e hichte steld fan it foarnimmen fan de gemeente en neffens Boelsma wie de reaksje posityf. "Minsken binne bliid dat der wer ûnderwiis komme sil yn it gebou en dat it net leech komt te stean."

Oanpassingen

It gebou fan De Dam is relatyf nij en de ferwachting is dan ek net dat der in soad oan ferboud hoecht te wurden foar't de bern der nei de simmer yn moatte. It ynternasjonale ûnderwiis wurdt útfierd troch Caleido, in aparte organisaasje dy't op meardere plakken yn Noard-Nederlân dit soarte ûnderwiis foar statushâlders, asylsikers en arbeidsmigranten jout.
"It is oan harren om te sjen oft der noch in soad feroare wurde moat, mar ik tink eins dat allinich it meubilêr oars moat. Want de stuoltjses dy't der no steane binne nei alle gedachten wol wat te lyts", sa seit de wethâlder.