Heleen Sonnenberg hâldt op as direkteur by Weduwe Joustra

20 jun 2019 - 11:17

Heleen Sonnenberg, de direkteur fan bearenburchbedriuw Weduwe Joustra yn Snits hâldt der mei op. Sonnenberg wie de sechde generaasje yn it famyljebedriuw en hat der 25 jier wurke.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

It wie in muoilike kar, lit se witte. "Vijfentwintig jaar, waarvan vele jaren samen met mijn vader, vol enthousiasme gebouwd aan ons familiebedrijf. Het was geen baan, het was een passie. Ik heb me een ambassadeur gevoeld; voor de Weduwe, voor Sneek en voor Friesland. Tige Tank, ik heb genoten van alles", seit Sonnenberg.

Sonnenberg ferhuzet foar de leafde nei Den Haag, ek studearre se eartiids yn de 'Hofstad'.

Oername troch Boomsma

Yn 2016 kaam Weduwe Joustra yn finansjele problemen trochdat oandielhâlder Dirkzwager fallyt gien wie. Dêrnei socht it Snitser bedriuw in oernamekandidaat. Dêrop krige it bedriuw in soad reaksjes, mar keas it foar oername troch Boomsma distilleerderij út Ljouwert. Sonnenberg is doe direkteur fan Weduwe Joustra bleaun.

(Advertinsje)
(Advertinsje)