Hierders fan drugspannen yn Ljouwert en Goutum hoege der net út

De hierders fan de pannen dy't ferline wike by in grutte plysje-aksje yn beslach naam binne kinne gewoan wenjen bliuwe yn de huzen. De hier dy't se betelje wurdt allinnich al oermakke nei Justysje.
© ANP
Op 11 juny hat in grutte plysjemacht yn Ljouwert en Goutum ynfallen dien yn 15 pannen. De oanlieding wie in grut ûndersyk nei it wytwaskjen fan jild dat fertsjinne is mei drugshannel.
Der waarden auto's boaten, fjoerwapens en in bedrach fan 670.000 euro oan kontant jild yn beslach naam. Acht minsken binne oanholden. Fjouwer minsken sitte op dit stuit noch fêst.