In wike lang omtinken om it Fryske produkt: De Streekweek is útein setten

20 jun 2019 - 10:01

In hiele wike omtinken foar koerzjettes, túnbeannen, pompoenen en noch in protte oare grienten dy't yn Fryslân teeld wurde. De twadde edysje fan 'De Streekweek', organisearre troch Eetbaar Fryslân, is tongersdei úteinsetn. Op mear as fyftich lokaasjes yn de provinsje is it mooglik om it Fryske produkt te besjen, klear te meitsjen en te priuwen.

De Streekweek is útein setten

Dit jier wurdt 'De Streekweek' iepene yn gearwurking mei de ROC Friese Poort yn Snits. De studinten fan de oplieding Hospitality Studies ha tegearre mei statushâlders út Sri Lanka, Syrië en Eritreä in pear wrâldgerjochten gearstald.

Wij proberen altijd met producten van boeren te koken, dus we zijn altijd in afwachting van wat de natuur te bieden heeft.

Gerard Voskuilen fan ROC Friese Poort

Gerard Voskuilen is fan ROC Friese Poort. Hy sil de studinten op wei helpe yn de Streekweek. "Wij hebben eigenlijk het hele jaar streekweek. Wij proberen met producten van de boeren te koken en niets uit het buitenland te halen. Daardoor zijn wij altijd in afwachting van wat de natuur te bieden heeft."

Foto: Menno Boer fotografie

De studinten en de statushâlders ha in menu fan wrâldgerjochten gearstald mei lokale produkten, de statushâlders ha dêrfoar smaken út harren thúslân helle. "Die jongens staan dichter bij de natuur. Het koken hebben ze echt nog meegekregen van hun grootouders en hun ouders. Die kennis en expertise is heel mooi om daar gebruik van te maken", leit Voskuilen út.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Gerard Voskuilen oer De Streekweek

Biologyske kweker Henk Zuidema út Jistrum leveret in protte griente foar de Streekweek. Zuidema wurket gear mei oare biologyske kwekers yn it noarden, dy't direkt grienten leverje oan restauranten en skoallen. Se binne ek dwaande mei alderhande proeven om de teelt te ferbreedzjen, se wolle mear soarten seizoensgrienten tele, ek om sa minder ôfhinklik te wurden fan it waar.

Witte wat der is

Zuidema fynt it wichtich dat studinten witte fan it ferskaat oan grienten, mar ek hoe't it groeit. "Myn spesjaliteit binne beantsjes. Se kinne beantsjes fan de gruthannel helje. Brune of griene, op it plaatsje sjen en dan bestelle. Mar der binne safolle echt Fryske beantsjes. Dan litte we se sjen hokker as dat binne en hoe't se groeie en hoe't je se klearmeitsje moatte", fertelt Zuidema.

Trochdat de Friese Poort ek mei de studinten de grienten sieddet en rispet, leare se de griente kenne, mar ek hokker seizoen by de grienten heart.

Teler Henk Zuidema fertelt oer it griente telen

(Advertinsje)
(Advertinsje)