Op 'e nij minder WW-útkearingen yn Fryslân

It tal WW-útkearingen yn Fryslân is ek yn maaie fierder weromrûn. Utkearingsynstânsje UWV ferwachtet dat de delgong trochset foar de rest fan it jier en yn 2020. Troch in geunstige ekonomyske ûntwikkeling fine hieltyd mear minsken in baan. Ein maaie hie Fryslân yn totaal hast 10.000 minsken mei in WW-útkearing. Dat binne der goed 700 minder as in moanne earder.
© ANP
It tal banen yn Fryslân groeit dit jier en takom jier yn totaal mei hast 7.000, en komt dêrmei út op 270.000. Der bliuwe banen bykommen yn de provinsje, mar it groeitempo leit leger as yn eardere jierren. Dit docht bliken út de arbeidsmerkprognoaze fan it UWV.
Yn maaie sakke it tal WW-útkearingen benammen by útstjoerkrêften dy't wurkje as boufakker, skilder as timmerman. Ek yn sektoaren lykas lânbou, bou en hoareka gie it tal útkearingen nei ûnderen.
Yn hiel Nederlân is in delgong te sjen yn it tal minsken mei in WW-útkearing.

Ynspiraasjetoer

Om minsken noch fierder te helpen sil der yn novimber in ynspiraasjetoer organisearre wurde troch Fryslân. Minsken dy't wurk sykje kinne dan mei in touringcar troch de provinsje reizgje om by ferskate bedriuwen del te gean, dy't op syk binne nei personiel. It giet dan bygelyks om Dijkstra Draisma, it Waddenpaviljoen en Philips.
Neffens it UWV bliuwe minsken gauris yn de sektor hingjen dêr't se bekend mei binne, wylst der miskien wol geskikt wurk is yn in oare sektor. De ynspiraasjetoer moat minsken helpe om oer de eigen grinzen hinne te sjen, nei banen dêr't se yn earste ynstânsje net oan tocht hiene.