Kollum: "Ice Man"

20 jun 2019 - 08:17

"Ja oare minsken sille it grif ek ha, mar ik fyn dat myn libben soms al wat apart is. Sa waard ik frege troch in podcastmakker fan in grutte Amerikaanske webside om in opname te meitsjen earne yn Nederlân. Dit is nij wurk, dat de lêste tiid gauris myn kant op komt. Ik wit noch net wat ik dêr fan fyn. Ik moast nei de Nederlânske Ice Man, Wim Hof. Want dy woene se op tape ha.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Dan kinne se fansels harren ynterviewer op in fleantúch sette, mar dat kostet in soad jild en tiid. Folle foardieliger is it om de ynterviewer dêr efter in mikrofoan te setten, dy belje te litten - of te skypen, want dat kostet noch minder - nei ien of oar bûtenlân, en dêr ek immen te hawwen dy't in mikrofoan hat en wat oan dizze kant sein wurdt opnimt.

De opname út it bûtenlân wurdt dan trochstjoerd nei sa'n podcastmakker en dy leit beide opnamen oer inoar hinne, en dan hast in ynterview mei lûd yn hege kwaliteit. Harker bliid, ynterviewer bliid, en ik bliid, want ik bin dus no gauris sa'n persoan dy't in mikrofoan omheech hâldt foar ien of oare Amerikaan, en dêr hâld ik dus no ek in sintsje oan oer. Dollarsintsje.

It is net hiel útdaagjend wurk, oer it algemien. Dêrom wit ik noch net hielendal wat ik fan dizze nije tak fan Botte Jellema BV fyn. Ik moat oplette dat der goed yn de mikrofoan praten wurdt, dat de opname net te sêft en net te lûd is, dat de akoestyk net al te min is en dat der net tefolle oare lûden binne. Soks doch ik hast mei de eagen ticht, nei safolle jier radio, mar goed, wat al leuk is dat je nochris by immen thús komme.

Sa wie ik al by in frou dêr't de oansteande fan ûntfierd is troch IS, in man dy't alles wit oer IQ, wat ik grappich fyn, en no dus by de Ice Man. Dy wie yn de ôfrûne jierren in pear kear op telefyzje om't er it sa lang úthâlde kin yn ekstreme omstannichheden. Sa as yn iiswetter. Dat fûn dizze Amerikaanske ynterviewer wol nijsgjirrich, dus sa dwaande. Ik ha net safolle mei minsken dy't ekstremen opsykje, mar it giet net om my fansels. Ik rekke dus al efkes fertize doe't Ice Man yn it Ingelske ynterview ynienen sei, 'ja de measte minsken sykje ekstremen net op, sa as Botte hjir, dy't ek noch nea yn echte kjeld west hat'.

Ho even, Ice Man, it giet net om my fansels, mar ik kom al út Fryslân. Der is in reden dat ik tsien fan 'e tolve moannen ferkâlden bin; der is in reden dat ik op ûnmooglike tiidstippen nei in beferzen plasse riid om dêr op redens te stappen; der is in reden dat ik altyd kâlde fuotten ha; der is in reden dat ik de grouste winterjas fan al myn freonen ha: ik bin ferjamme in Fries, en elke Fries hat it altyd kâld, miskien de ôfrûne dagen even net, mar fan ôf heal augustus ha wy it alwer kâld en asto tinkst dat ik gjin ekstremen mei makke ha, dan hasto noch nea in winter yn Skearnegoutum trochbrocht, menear de sa neamde Ice Man.

Betink earst mar ris in manier om dêr te kommen trouwens, en dan bin ik benijd watsto fan de Swette tinkst. En dan sil dat wetter dy wol te waarm wêze, mar ik ha it oer it grauwe en mizerige waar dat it dêr wêze kin, en dan net oer fan even 'oe, wat is it al wer gau donker sa ein desimber', mar sok waar en gjin ljocht fan oktober oant djip yn april; nee, praat my net fan ekstremen. Want sa alderferbjusterjend skitterjend prachtich moai as de provinsje yn dizze moannen wêze kin, ja op in goed plak kinne ik echt oan triennen ta rakke wêze troch dy útbarsting fan natuer, grien, libben en ljocht, fan de Wâlden oant it Waad, en fan de Lauwer oant De Lemmer, mar o wee ast in pear moannen fierder bist: nee, praat my net fan it kinnen fan ekstremen, Ice Man: Ik Bin In Fries!

En dy Wim Hof, dy Ice Man, sa foel my op, dy hat yn syn hûs dus gewoan sintrale ferwaarming."

(advertinsje)
(advertinsje)