Warkum kriget nije elektryske 'City Shuttle'

20 jun 2019 - 07:21

Yn 2011 wie Warkum de earste stêd yn Fryslân mei in eigen treintsje foar toeristen, mar it treintsje waard minder en de kosten wiene heger as de baten. Efkes drige it treintsje te ferdwinen, mar der wie in soad protest tsjin. It gefolch: tongersdeitejûn wurdt in nagelnije City Shuttle presintearre.

Foto: Stichting City Shuttle Warkum

"It is tige wichtich foar Warkum, dat der in goede ferbining tusken it strân en de stêd is, seit Tineke Yntema fan Stichting City Shuttle Warkum. "De camping leit sa'n oardel kilometer bûten de stêd. Wy wolle hiel graach dat minsken fan it strân nei it sintrum komme en oarsom."

Mar net allinnich toeristen kinne it treintsje brûke, ek Warkumers sels kinne de shuttle ynsette. Bygelyks as it fuotbalteam kampioen wurdt, of de bewenners fan it fersoargingstehûs dy't in rûntsje troch Warkum meitsje wolle.

Ferhiere

Yn it ferline wiene de kosten heger as de baten. No kinne eveneminten de shuttle ek hiere, sadat der ek jild ynkomt. Yntema: "Dat ferhiere sil faker barre. De struktueren binne feroare, lykas dat it VVV earder der jild foar krige, mar dat is no net mear sa."

Der wie 30.000 euro nedich foar de City Shuttle en dat wie noch in hiele útdaging, seit Yntema. Sa ha de eigen ûndernimmers fan Warkum, it Iepen Mienskipsfûns, it 'Stadsburger Weeshuis' en it ûndernimmersfûns in bydrage jûn.

Dit wykein al folboekt

De City Shuttle hat de kleuren giel mei swart krigen, de Warkumer kleuren. Tongersdeitejûn wurdt de City Shuttle yn gebrûk naam en dit wykein is de shuttle al hielendal folboekt. "De swimmers dy't meiswimme sille mei Maarten van der Weijden wurde mei de shuttle werom brocht. En ek is dit wykein it festival 'Hooked', mei kitesurfers, freerunners en oare sporten op it strân fan Warkum. Dêr komme ek sa'n 3.000 minsken op ôf. En as se mei de trein komme, dan bringe wy se fan it stasjon ôf nei de camping."

Tineke Yntema, fan stichting City Shuttle Warkum

(advertinsje)
(advertinsje)