Noardlike omroppen meitsje beswier tsjin beslút Wob-fersyk MSC Zoe

20 jun 2019 - 07:00

Rykwettersteat moat mear details jaan oer de ynhâld fan de konteners fan de MSC Zoe. Dat easkje Omrop Fryslân en RTV Noord yn in beswierskrift tsjin in earder beslút dêroer yn it ramt fan de Wet openbaarheid van bestuur (Wob).

Foto: Kustwacht Nederland

Mei in berop op dy wet hiene de omroppen de ladinglisten fan it kontenerskip opfrege. Nei oanlieding fan it Wob-fersyk woe Rykswettersteat úteinlik de listen wol oerjaan. Mar se binne hiel globaal: fan in soad konteners wurdt net fermeld wat de krekte ynhâld is.

Begjin dit jier sloegen op de Noardsee 342 konteners oerboard fan de MSC Zoe. De ynhâld spielde foar in part oan op de Waadeilannen en op de kust fan Fryslân en Grinslân. Dat soarge foar gaoatyske tafrielen en grutte miljeuskea.

Beswier

It troch de omroppen yntsjinne beswier giet benammen oer de 489 konteners dy't op it skip stean bleaun binne, dêr't gjin inkelde ynformaasje oer jûn wurdt. Op de frijjûne ladinglisten stiet gjin omskriuwing fan dy konteners. Mei as reden dat dy konteners fan in tredde partij binne, dy't omreden fan it bedriuwsbelang net wol dat dy ynformaasje oan de grutte klok hongen wurdt.

Gefaarlike stoffen

Dêrnjonken wolle de omroppen neiere ynformaasje hawwe oer 412 konteners dy't de omskriuwing 'chemical products nos' meikrigen hawwe. Dat lêste stiet foar 'not otherwise specified'. Benammen omdat it mooglik om gefaarlike stoffen giet, fine de omroppen dat dêr mear ynformaasje oer frijjûn wurde moat.

By de motivearring fan it Wob-beslút lit Rykswettersteat witte dat in part fan de frege ynformaasje net jûn wurde kin. Dat soe de konkurrinsjeposysje fan de belutsen bedriuwen skea tabringe kinne.

Yn it beswier wurdt ferwiisd nei de grutte maatskiplike en politike ûnrêst dy't ûntstien is troch de ramp mei it kontenerskip. Sa is yn de Twadde Keamer de diskusje op gong kommen oer de fraach oft ditsoarte megakontenerskippen wol talitten wurde moatte op de rûte flakby de Waadeilannen.

Rjocht op ynformaasje

Yn dat ramt wurdt der konkludearre dat de bewenners fan de Waadeilannen en de kustgebieten rjocht op hawwe op te witten wat de MSC Zoe krekt ferfierde op it momint fan de ramptocht. 'Dit algemeen belang weegt in onze ogen zwaarder dan de bedrijfsbelangen die met het niet geven van deze informatie worden beschermd,' sa stiet te lêzen yn it beswierskrift fan Omrop Fryslân en RTV Noord.

Tongersdei wurdt ek de útkomst bekend makke fan it ûndersyk nei it funksjonearjen fan de krisisorganisaasje, dy't de toutsjes yn hannen krige om de saken te regeljen nei de ramp. Dat ûndersyk is hâlden yn opdracht fan de Feiligensregio's Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân-Noard. Ien fan de eardere punten fan krityk wie dat der no wol in hiel soad organisaasjes by belutsen wiene dy't foar in part by-inoar lâns wurken.

(advertinsje)
(advertinsje)