Doarpsfeest fan De Harkema stillein fanwege stjergefal

19 jun 2019 - 22:48

It doarpsfeest op 'e Harkema is woansdeitejûn stillein fanwege in stjergefal. Under in aktiviteit op it doarpsfeest is in jonge frou fan 20 jier ferstoarn.

Foto: ANP

Boargemaster Oebele Brouwer fan de gemeente Achtkarspelen is hastich ôfreizge nei De Harkema om syn stipe te jaan en mei de organisaasje te oerlizzen wat te dwaan. Der is noch gjin beslút naam oer wat de konsekwinsjes foar it fierdere ferrin fan it doarpsfeest wêze sille.

Trefwurden: 
De Harkema doarpsfeest
(advertinsje)
(advertinsje)