Bjarne en Marc krije jongereinkomplimint fan gemeente Achtkarspelen

19 jun 2019 - 22:42

It giet goed mei ús, mar we hawwe noch genôch útdagings. Dat sei boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen woansdei by de jierlikse midsimmermoeting yn Bûtenpost, in soarte fan alternatyf foar de nijjiersgearkomste. It wie Brouwer syn earste midsimmerspeech as boargemaster. Ek foar de earste kear waard it jongereinkomplimint útdield. Dat is in oarkonde foar jeugd yn de gemeente dy't wat bysûnders dien hat.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

It idee fan it jeugdkomplimint komt út de jongereinried fan de gemeente, omdat der foar de jeugd eins gjin eareprizen binne. En dizze earste kear waarden sels twa jongeren yn it sintsje set: Bjarne van der Kooi en Marc Alma.

Bjarne omdat er in hiel soad frijwilligerswurk docht. Sa is er ûnder oare bestjoerslid fan it muzykkorps, helpt er by in popfestival en is er aktyf yn it kinderwerk en it jeugdhonk. En hy docht noch folle mear. En Marc Alma, omdat er syn bêste freon Daniel Roskammer rêden hat by in ûngelok. Sûnder syn goede hanneljen hie syn maat der woansdei miskien wol net iens by west. No stienen beide freonen op it poadium om de oarkonde yn ûntfangst te nimmen út hannen fan boargemaster Brouwer en jongereinriedslid Lydia Nijmeijer.

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de midsimmermoeting

(Advertinsje)
(Advertinsje)