Automobilist oanhâlden nei botsing yn Drachten

19 jun 2019 - 22:25

In automobilist is woansdeitejûn oanhâlden yn Drachten, omdat er by in oanriding belutsen wie wylst er mooglik ûnder ynfloed wie. Om sawat kertier oer njoggenen klapten twa auto's opinoar op de krusing fan de Schwartzenberghlaan mei de Uilevlucht.

Foto: Srfotografie - Sicco Riedstra

Beide auto's rûnen frij grutte skea op. De plysje hie it fermoeden dat ien fan de bestjoerders ûnder ynfloed oan it riden wie en dêrom is dy persoan oanhâlden. Der rekke gjinien ferwûne by de botsing.

Trefwurden: 
Drachten oanriding
(Advertinsje)
(Advertinsje)