Dr. Joana da Silveira Duarte nije lektor meartaligens oan NHL Stenden

De NHL Stenden Hegeskoalle hat in nije lektor meartaligens. It is dr. Joana da Silveira Duarte. Sy begjint op 1 septimber en folget dêrmei dr. Alex Riemersma en dr. Jan Berenst op. Da Silva Duarte komt fan de Ryksuniversiteit Grins dêr't se dosinte is en ûndersiker Fryske Taal en Kultuer.
Joana da Silveira Duarte © NHL/Stenden
It ûndersyksgebiet fan Da Silveira Duarte rjochtet him op taalûnderwiis yn in meartalige omjouwing, en ek op it stypjen fan meartaligens op it gebiet fan it Frysk en fan oare minderheidstalen. Dat jildt foar it basisûnderwiis likegoed as foar it fuortset ûnderwiis. Da Silveira Duarte is yn 2009 promovearre oan de Universiteit fan Hamburg.