EasyJet langer sponsor fan langebaanteam Jillert Anema

19 jun 2019 - 21:23

EasyJet hat him langer ferbûn oan de reedrydploech Team EasyJet. Ek takom seizoen wurdt de ploech fan Jillert Anema sponsore troch de loftfeartmaatskippij. EasyJet is sûnt augustus 2018 haadsponsor en de ploech hat de yntinsje om troch te gean oant de Olympyske Winterspelen fan 2022 yn Peking.

Jillert Anema en Jorrit Bergsma - Foto: www.orange-pictures.nl

"EasyJet kaam ôfrûne seizoen krekt foar de start fan it seizoen yn byld. Ofrûne seizoen hawwe se ús goed holpen en we binne bliid dat we ús no rochtsje kinne op de takomst", sa seit Anema. "Dit jout de sporters rêst en we gean dan no ek fol goede moed troch oant de Olympyske Winterspelen fan 2022!"

Takom seizoen komme de Friezen Arjan Stroetinga, Bob de Vries, Carien Kleibeuker, Jorrit Bergsma, Marijke Groenewoud en Tjerk de Boer út foar Team EasyJet.

Jillert Anema oer de sponsor EasyJet

(Advertinsje)
(Advertinsje)