Follybalfroulju mei Marrit Jasper fersomje te winnen fan de Feriene Steaten

19 jun 2019 - 20:25

De Nederlânske follybalsters hawwe yn de Nations League op it nipperke ferlern fan de Feriene Steaten. Yn it Russyske Jekaterinenburg stie nei fiif spannende sets 3-2 op it skoareboerd yn it foardiel fan de Amerikaanske follybalsters: 25-21 23-25 22-25 28-26 15-9. Nederlân miste yn de fjirde set twa matchpoints. Marrit Jasper begûn op de bank by Oranje.

Marrit Jasper yn aksje foar Oranje - Foto: OrangePictures

Nederlân en Amearika wisten foar it ûnderlinge duel al dat it allinnich om de eare gie. De ploech fan bûnscoach Jamie Morrison koe him net mear pleatse foar de Final Six, wylst Amearika al wis is fan dielname. Mei de Feriene Steaten trof Oranje de winner fan de Nations League fan ferline jier en de nûmer trije fan de wrâldranglist.

De Amerikaanske froulju setten sterk útein, mar Oranje groeide yn de wedstriid. De ploegen wiene oaninoar weage, wat resultearre yn in protte lange rallys. Yn de fjirde set like Nederlân foar in ferrassing te soargje, mar Amearika kaam knap werom. Oanfalster Celeste Plak wie yn grutte foarm en besoarge Nederlân 24 punten. It wie úteinlik net genôch foar de oerwinning.

Nederlân slút tongersdei de Nations League ôf tsjin Ruslân. Dêrnei wachtet Oranje de olympyske kwalifikaasje, begjin augustus yn Italië. It EK stiet dit jier ek noch op it program.

(advertinsje)
(advertinsje)