Lichem fermiste Anja Schaap fûn yn see by Waadeilannen

It lichem fan de fermiste Anja Schaap is yn see fûn by de Waadeilannen troch de bemanning fan in Dútsk skip. De Katwykse waard sûnt 29 maaie fermist.
Plysje logo © Omrop Fryslân
It lichem waard tiisdeitemiddei om sawat healwei twaen fûn. Omdat it lichem foldie oan it sinjalemint, is der kontakt opnaam mei de plysje yn Den Haag. Dy hat befestige dat it om de fermiste Anja Schaap giet. Neier plysje-ûndersyk en seksje moatte útwize wat der krekt bard is.
De ôfrûne wike is der op ferskate plakken socht nei de fermiste frou. Har saak waard ek behannele yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht.