Minsken begluorkje by Part-Time Paradise op Oerol

In foarstelling dy't in typysk Oerolgefoel jout, is Part-Time Paradise fan Skoft en Skiep, it teäterselskip wurket dêrby gear mei Tryater. Se binne troch Oerol frege dizze foarstelling spesjaal foar Oerol te meitsjen. Hy is te sjen op camping De Kooi, tusken alle campinggasten. De foarstelling hat op dizze wize in libben dekôr.
Part Time Paradise
De teatermakkers fan Skoft en Skiep hawwe foarich jier spesjaal op Oerol kampeard om ynspiraasje op te dwaan. "Het viel ons op dat mensen elkaar heel erg bekijken. Het leek ons mooi om een installatie te maken, zodat het publiek vanaf hoogte als een soort van voyeur toekijkt", fertelt regisseuse Tatiana Pratley. It publyk krijt sa in byld fan in miny-maatskippij op de camping. "Mensen kunnen zich best eenzaam voelen, terwijl ze de hele dag bezig zijn met het contact leggen met anderen."
Ferslachjouwer Wendy Kennedy prate op Oerol mei Skoft en Skiep
Ferslachjouwer Wendy Kennedy sit op Oerol en is op syk nei it "Oerolgefoel." Earder befrege se tangofenomeen Carel Kraayenhof, dy't in rol spilet yn de foarstelling Lost Tango en singer-songwriter Douwe Bob.