Triatleet Stefan van der Pal is der wis fan: Maarten hellet it

Is Maarten van der Weijden klear foar de Alvestêdeswimtocht? Triatleet Stefan van der Pal is der wis fan. Hy nimt takom jier it stokje oer fan Maarten en sit dit jier yn de boat dy't foar Maarten fart.
Stefan van der Pal
Triatleet Van der Pal hat de Alvestêdetocht yn 2011 ek dien yn estafettefoarm mei fjouwer kollega-triatleten. It plan om de tocht hielendal allinnich te dwaan, liet him net los. No is Van der Pal mei Van der Weijden yn petear foar gearwurking yn 2020, sadat der alle jierren jild ynsammele wurde kin foar it kankerfûns. Mar Stefan focust him dit jier folslein op Maarten, net op syn eigen tarieding. "Maarten moet het halen, de rest is bijzaak", seit er.
© Stefan van der Pal

Fan 13.000 nei 30.000 kaloriën

Ien fan de wichtichste saken dy't Maarten feroare hat, is it iten dat hy binnen krijt. Ferline jier hat er mar 13.000 kaloryen ynnaam, wylst hy 30.000 ferbrûkt hat. Dêrom is der no ynset om alle 20 minuten wat te iten en ek waarm te iten. Van der Pal: "Tijdens zo'n tocht moet je niet meer nadenken over waar je zin in hebt. Dat moet van te voren al bepaald zijn."
Je moet niet zo streng voor jezelf zijn en kijken naar de omstandigheden en hoeveel rust je lichaam nodig heeft.
Stefan van der Pal

Mear sliepe

Ek sliept Maarten dit jier folle mear as ferline jier. Doe hat er perioades fan tweintich minuten swommen om't er benaud wie foar ekstreme spierpine troch te lang sliepen. Dit jier sliept er trije oant fjouwer oeren yn de nacht. Dat is mar goed ek neffens Van der Pal. "Je moet niet zo streng voor jezelf zijn en kijken naar de omstandigheden en hoeveel rust je lichaam nodig heeft."
Hij weet nu dat hij ondanks zo veel pijn nog heel ver kan komen.
Stefan van der Pal

Pine

As lêste tinkt Van der Pal dat Maarten dit jier better mei de pine omgean kin, "Maarten had na 50 kilometer al ongelooflijke pijn en had toen niet het idee dat hij het zou halen. Dat gaat in je hoofd zitten en je moet nog zo lang. Toch heeft hij daarna nog meer dan 100 kilometer gezwommen, dus hij weet nu dat hij ondanks zo veel pijn nog heel ver kan komen."
Wêr swimt Maarten van der Weijden op it stuit? Hoe drok is it oan de kant? En wa helpt Maarten om safolle mooglik jild op te heljen foar kankerûndersyk? Dat is fan 21 juny ôf dei en nacht op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app te folgjen. Boppedat kinne minsken yn ruil foar in donaasje oan de Maarten van der Weijden Foundation in plaat oanfreegje op 92.2 FM.