Waadhoeke wol hûndert prosint dekking AED's yn de gemeente

19 jun 2019 - 17:33

De gemeente Waadhoeke wol hûndert prosint dekking as it om AED's giet. De Automatische Externe Defibrillators moatte yn dat gefal yn seis minuten tiid by in pasjint wêze kinne, yn hokker kearn oft dy pasjint ek is yn de gemeente.

In AED-apparaat - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Op dit stuit binne yn Waadhoeke noch fjirtjin kearnen sûnder in AED. Der binne ek net genôch boargerhelpferlieners. Om derfoar te soargjen dat de dekking op hûndert prosint komt, is der jild beskikber steld. Ek sil besocht wurde om privee-AED's foar elkenien tagonklik te meitsjen, troch eigeners mei subsydzjes te stimulearjen om de apparaten yn in aparte feilige kast te pleatsen.

De gemeente leveret ek in finansjele bydrage foar in werhellingskursus foar boargerhelpferlieners. Doarpsbelangen binne ynformearre oer de mooglikheden.

Trefwurden: 
reanimaasje AED Waadhoeke BHV
(Advertinsje)
(Advertinsje)