Ultimatum ferrûn: takom wike freed stakingen metaal- en technyk

19 jun 2019 - 17:19

Metaal- en technykwurkers yn Fryslân sille takom wike freed stake foar in bettere cao. Op 28 juny wurdt troch it hiele lân hinne staakt troch leden fan FNV Metaal en CNV Vakmensen. Yn Fryslân wurdt de stakingsdei by De Fabriek yn Ljouwert hâlden.

Staking yn de metaalsektor - Foto: Pieta de Vries

Reden is dat de wurkjouwers út de metaal en technyk net yngien binne op de easken fan de fakbûnen. Dy woene ûnder mear fiif persint leansferheging en in generaasjepakt as rjocht. Dêrnjonken moatte jonge wurknimmers in better perspektyf krije op fêst wurk, sa fine de fakbûnen.

Begjin dit jier wiene der ek al ferskate stakingen troch it hiele lân.

Trefwurden: 
Ljouwert metaal staking technyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)