Tornike Tsjakadoea wol medalje op Europeeske Spelen

19 jun 2019 - 17:13

Yn oanrin nei de Europeeske Spelen dy't dit wykein úteinsette yn it Wyt-Russyske Minsk sjogge wy foarút mei trije Fryske judoka's. Sanne Vermeer, Tornike Tsjakadoea en Margriet Bergstra meitsje alle trije kâns op earemetaal op it toernoai dat ek nochris jildt as in gewoan Europeesk kampioenskip. Wurdt in sporter kampioen op de Europeeske Spelen, dan krijt er ek fuort in medalje as Europeesk kampioen. Wy sjogge foarút mei Tornike Tsjakadoea.

Tornike Tsjakadoea op Europeeske Spelen

Fansels binne der mear minsken dy't oer syn namme begjinne as Tsjakadoea foar de kamera ferskynt. It judotalint is berne yn Ljouwert, opgroeid yn Drachten en fielt him dus in echte Fries. "Ik ben later wel in Amstelveen gaan wonen, maar ik ken zoveel mensen in Friesland. Daar ben ik opgegroeid." Syn heit en mem binne yn de jierren njoggentich nei Nederlân kaam.

Tornike Tsjakadoea op training foar Europeeske Spelen - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Syn ambysje is om diel te nimmen oan de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokio. "Dat is wel realistisch voor mij. Ik sta hoog op de Olympische ranking en heb het goed gedaan op de Grand Prix's maar ook op de Grand Slams."

No't de Europeeske Spelen foar de doar steane, kin Tsjakadoea in enoarme slach meitsje wat syn puntetal oanbelanget. Dat oantal punten is nedich om him te kwalifisearjen foar in Olympysk ticket. "De concurrentie is groot, maar ik ben fit en ben er klaar voor. Laat maar komen!"

Dy foarm is net fanselssprekkend, want in skoftke lyn hie Tsjakadoea noch lêst fan in blessuere. "Ik had een blessure aan mijn lies. Ik heb even getwijfeld of ik de Europese Spelen wel zou halen, maar heb mijn revalidatie serieus genomen. Gelukkig sta ik dus gewoon op de mat."

Foto: www.orange-pictures.nl

Wat it spesjaal makket, is dat de grutste konkurrinten fan Tsjakadoea op de Europeeske Spelen twa Georgen binne, judoka's út it heitelân fan syn âlden dus. "Daar kan ik soms ook een woordje Georgisch mee spreken. Dat is wel bijzonder!"

Sneon 22 juny komt Tornike Tsjakadoea foar it earst yn aksje op de Europeeske Spelen yn de klasse oant 60 kilo.

Tongersdei sjogge wy foarút op it toernoai yn Minsk mei Sanne Vermeer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)