Nije foarsitter Liet: "Moai as de winner in hit skoart"

19 jun 2019 - 16:31

"It is dit jier tweintich jier ferlyn dat Twarres twadde waard op it Lietfestival en dêrnei yn Nederlân en België in grutte hit skoarde mei 'Wêr bisto'. Frysktalige hits binne tige wichtich foar de emanisipaasje fan it liet yn Fryslân." Dat seit Gerard van der Veer, de nije foarsitter fan it Lietfestival. Hy naam it stokje as foarsitter oer fan Yvonne Bleize nei it foarige Lietfestival yn maaie ferline jier.

Foto: ANP Kippa

As nije foarsitter fiert Van der Veer ek in pear fernijingen yn. Sa is it festival net mear yn maaie, en op in poadium bûtendoar, mar yn de hjerst en binnendoar. Dit jier sil it heve op 15 novimber.

Yn tsjinstelling ta oare jierren kinne gadingmakkers dizze kear net inkeld mei in fideoklip ynstjoere, mar ek in demo mei in audiobestân. De ynstjoeringen wurde hifke troch in seleksjesjuery. Dy bepale de bêste fyftjin nûmers. Dan mei it publyk stimme op de site fan Liet. De bêste tsien gean troch nei de finale op 15 novimber.

Van der Veer: "Wat wy wolle mei Liet is emansipaasje fan it Frysktalige liet. Dat wolle wy hiel graach stimulearje. Dan hawwe jo artysten nedich dy't skoare. Wy soene it hiel moai fine as de winner fan Liet in hit skoart."

Gerard van der Veer

Hoe kinst meidwaan?

Ynstjoere kin noch oant 10 july op de site Liet.frl. Dat moatte orizjinele lieten wêze, dus gjin covers, yn it Frysk of yn in dialekt of streektaal yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)