Soargen by Eaststellingwerf oer fleanfjild Lelystêd

19 jun 2019 - 16:09

De gemeenteried fan Eaststellingwerf hat noed oer de gefolgen fan mooglike fleanrûtes fan fleanfjild Lelystêd Airport. De ried hat dêr tiisdei in moasje oer oannaam. Dêryn steane ûnder oare de soargen oer feilichheid, miljeu en natuer beskreaun.

Foto: ANP

Eaststellingwerf sjocht dat de leechfleanrûtes noch net fan tafel binne, nettsjinsteande in útspraak fan de Raad van State. Dy sei earder dat der mear barre moast om foar te kommen dat hege konsintraasjes stikstof útstjitten wurde. Hege konsintraasjes kinne nammentlik it tal plante- en bistesoarten yn natuergebieten werombringe.

Neffens de ried fan Eaststellingwerf is der in kâns dat de fleanrûtes de Veluwe foar in part mije sille. Mar dat dizze rûtes ferlein wurde nei Súdeast Fryslân en de Weerribben. Op de Veluwe hawwe yn de ôfrûne tiid de measte protesten west tsjin it gruttere fleanfjild.

Eaststellingwerf wol dat it kolleezje kontakt opnimt mei it ministearje, om har soarch oer te bringen. En om it proses fierder goed yn de gaten te hâlden.

De ried wol dat it kolleezje easket dat Lelystêd Airport net iepene wurde mei foar't de weryndieling fan it loftrom in feit is. Fierder moatte der garânsjes komme foar it toetsen en neilibjen fan de hichtes dy't ôfpraat binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)