Friesland College en Fletcher Hotels begjinne nije oplieding foar hoareka

19 jun 2019 - 15:20

In gearwurking wie der al tusken de twa, mar no wurdt der in folsleine oplieding opset troch it Friesland College en Fletcher Hotels. Doel is om gebrûk te meitsjen fan it ferlet fan wurk by it hoarekabedriuw. De learlingen krije by it begjin fan de oplieding op mbo-2-nivo fuortendaliks in arbeidskontrakt foar ûnbepaalde tiid oanbean. Se meie dêrnei bliuwe salang't se wolle.

Oerienkomst Friesland College en Fletcher Hotels - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De oplieding duorret twa jier, der is plak foar 60 learlingen. Fletcher Hotels is in grutte spiler yn de hoarekawrâld yn ús lân. Se hawwe yn totaal hast 100 fêstigings. Underfining yn de hoareka of in foaroplieding is net nedich.

Troch de tanimmende fraach nei personiel wol it hoarekabedriuw personiel oan him bine en de learlingen dy't op de oplieding sitte, útgroeie litte ta profesjonals.

Oerienkomst Friesland College en Fletcher Hotels - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Neffens it Friesland College yn Ljouwert hawwe de learlingen grutte kâns op wurk. "Het is nu aan Fletcher Hotels om een goede werkgever te zijn tijdens de opleiding en om de studenten niet alleen te boeien voor de toekomst maar ook te binden," seit bestjoersfoarsitter Carlo Segers.

Quinten Dijkstra

De learlingen kinne in gouden takomst temjitte gean, as se mar harren bêst dogge. "De mensen kunnen bij ons doorgroeien tot chef of sous-chef. We hebben 4200 mensen in dienst, studenten met ambitie die slagen," seit Marcel van de Vin fan Fletcher Hotels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)