Fraksjefoarsitters Steaten 'op matsje' by kommissaris Brok foar lekken nei de media

19 jun 2019 - 14:41

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat woansdei nei ôfrin fan de steategearkomste alle fraksjefoarsitters op it matsje roppen oer it lekken nei de media út it nije bestjoersakkoart 'Gelok op 1'.

Dat bestjoersakkoart fan CDA, PvdA, VVD en FNP waard tiisdeitemiddei presintearre yn Heech. Alhoewol't oant dy tiid in embargo op it stik stiet, stiene ferskate ûnderdielen út it akkoart moandei- en tiisdeitemoarn al wiidweidich yn de Ljouwerter Krante.

Ek Omrop Fryslân berjochte ridlik wiidweidich oer it bestjoersakkoart op moandei en tiisdei tusken de middei. "Brok hat de fraksjefoarsitters meidield dat lekken út in fertroulik stik net past yn dit hûs", seit wurdfierder Marcel de Jong fan de provinsje. "It like de kommissaris goed om dat te dwaan oan it begjin fan in nije bestjoersperioade."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Under embargo

Brok hat by it ekstra oerlis achter sletten doarren alle fraksjefoarsitters frege om nei te gean oft ek ien út harren fraksje út it stik ûnder embargo lekt hat nei fertsjintwurdigers fan de media. Alle partijen yn Provinsjale Steaten hiene it bestjoersakkoart al trije dagen foar de presintaasje krigen, sadat se it stik al foar de presintaasje lêze en besprekke koene.

Yn dy perioade is ynformaasje út guon ûnderdielen fan it akkoart 'troch in geunstige wyn' by ferskate Fryske sjoernalisten bedarre.

Brok wol troch it warskôgjen fan alle fraksjefoarsitters der yn it foarste plak foar soargje dat soks gjin gewoante wurdt op it provinsjehûs. In embargo is in ôfspraak en dêr moat eltsenien him oan hâlde, is de kommissaris fan betinken.

(advertinsje)
(advertinsje)