CDA stelt minister fragen oer ûnterjochte ynskriuwing fan Friezinne yn Grins

19 jun 2019 - 13:47

De ûnterjochte ferhuzing fan Ytsje Prins fan Dokkum nei Grins hat ek yn de Twadde Keamer de oandacht lutsen. Keamerlid Harry van der Molen (CDA) hat de minister fan Ynlânske Saken, Kajsa Ollongren, skriftlike fragen steld oer de saak.

Ytsje Prins fan Dokkum, dy't no ynienen Grinslanner is - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Sa wol hy witte op grûn fan hokker ferklearring frou Prins ynskreaun is yn Grins en hoe't Ollongren de reaksje fan de gemeente Grins beoardielet. Dy seit nammentlik dat de soan fan Ytsje nei alle gedachten in flater makke hat.

Ek freget Van der Molen him ôf oft it wier is dat in boarger ynskreaun wurde kin yn in gemeente, wylst dy persoan dêr net om frege hat en dêr net fan op 'e hichte steld is. En wat binne de konsekwinsjes dêr krekt fan?

Harry van der Molen - Foto: Omrop Fryslân

Harry van der Molen stelt Keamerfragen oer ûnterjochte oerskriuwing nei Grins

It CDA-Keamerlid is fan miening dat der in ûndûbelsinnige ferklearring nedich is fan de oanbelangjende persoan, foar de ferwurking fan in ferhuzing yn de basisregistraasje persoanen. Van der Molen freget him ta beslút ôf hokker maatregels de minister nimme sil om inselde flater te foarkommen.

Wannear't de minister antwurd jaan sil op de fragen, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)