Lida Dykstra wurdt 'Berneboekeambassadeur' en fiert 25-jierrich jubileum

Lida Dykstra wurdt as Berneboekeambassadeur (BBA) oansteld. Dat is woansdei op it meartalich kongres fan Cedin bekendmakke. Fan jannewaris 2020 ôf sil de skriuwster twa jier lang promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan.
© Barbara van Rijn, Bluet foto

Fraachbaak

Lida Dykstra sil in fraachbaak foar bern, âlders, learkrêften en oare ynteressearren yn Fryske berneliteratuer en taal wêze, en wol in brêge slaan tusken lêzers en brûkers fan de Fryske taal en organisaasjes.
Boeken fan Fryslân stipet de Berneboekeambassadeur yn har aktiviteiten. Skoallen, biblioteken en oare ynstellingen kinne fergees in berop dwaan op de BBA. Dykstra komt dan del, lêst foar, fertelt oer boeken, fersoarget gastlessen of workshops. Sy kin in sit nimme yn sjuerys en sil in tal lesbrieven by Fryske berneboeken meitsje. De BBA sil te folgjen wêze fia in eigen website en social media.

Ek yn oare lannen

It amt fan Berneboekeambassadeur is net nij, yn lannen lykas Sweden, Ingelân, Amearika, Australië en ek Nederlân hat de funksje fan Children's Laureate/National Ambassador for Children's Literature/ Kinderboekenambassadeur him al bewiisd. De BBA hat as taak Fryske berneboeken, taal en lêzen te promoatsjen, Frysk taalplezier, lêsplezier en wurdskat te ferbetterjen.
Lida Dykstra oer har Berneboekeambassadeurskip
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Jubileumboek

Lida Dykstra fiert har 25-jierrich skriuwerskip mei it jubileumboek It Spûkskip. Dêryn binne 25 fan har moaiste ferhalen, troch de jierren hinne al earder ferskynd yn tydskriften lykas Holder, Switsj, Tsjek en LinKk, bondele. De ferhalen geane oer fan alles en noch wat: in famke fan tsien dat trouwe moat, in âlde ezel dy't him net begrave lit, in spûkskip, in ingel dy't op besite komt, in oaljefant dy't in auto plettet.
Lida Dykstra oer har jubileumboek
Lida Dykstra (1961) hat mear as 80 berneboeken op har namme stean, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Bekende titels binne bygelyks Pykje Fjouwer, Skattich, Wenje yn in skilderij of Spegelspreuk.
Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere bern. By dy boeken lit sy har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis. Sy wûn ferskate prizen, wêrûnder twa kear de Simke Kloostermanpriis.