Stichting Doarpshûs Feanwâlden tinkt nei oer juridyske stappen

19 jun 2019 - 12:47

De stichting Doarpshûs MynSkip is teloarsteld dat de gemeenteried fan Dantumadiel pas yn septimber in beslút nimt oer de subsydzje foar harren nije doarpshûs yn Feanwâlden. Dat seit foarsitter Roel Dijkstra, dy't beklammet dat der noch hieltyd gjin dúdlikheid is foar de stichting en foar Feanwâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De gemeente hie likernôch ien miljoen euro tasein foar de bou fan in nij multyfunksjoneel sintrum, en de wurkgroep wie al fierwei hinne mei de arsjitekt en de oannimmer. De skeppe koe eins hast de grûn yn, mar troch de minne finansjele situaasje fan de gemeente Dantumadiel komt der no pas yn septimber in beslút.

Rûzige gearkomste

Tiisdeitejûn wie der op it doarpshûs yn Damwâld in rûzige riedsgearkomste. Roel Dijkstra fan MynSkip sjocht dêr mei in min gefoel op werom. Hy hie hope op in serieuze diskusje.

"Wy wiene op in bepaald momint tsjûge fan in polityk stekspul, wêrby't de opposysje en de koälysje elkoar gjin sintimeter romte jaan woene. Dêrby waard folslein gjin rjocht dien oan ús oanwêzichheid."

Juridyske stappen

It kolleezje bliuwt, yn elts gefal oant nei de simmer, by útstel fan de plannen en it beslút. "Wy hawwe dizze wike efkes in pauze ynlaske", fertelt Dijkstra. "Wy sille ynkoarten wol wer de kommisje en it bestjoer by elkoar roppe en dan ús strategy bepale. Underdiel fan dy strategy binne mooglik juridyske stappen. Wy sille der alles oan dwaan om yn septimber ta in posityf beslút te kommen foar ús doarpshûs."

Der wie tiisdei in soad stipe foar MynSkip. "Minsken kamen massaal nei de gemeente foar ús. Dat kin de gemeenteried ek net ûntgien wêze. Ik hoopje dat dat bydraacht oan in positive beslútfoarming yn septimber."

Claim fan 50.000 euro

Der hiene dus al petearen west mei de arsjitekt en de oannimmer en MynSkip is ferplichtingen oangien. Dat bringt de organisaasje aardich yn de problemen. "Oant no ta hat de gemeente de wichtichste rekkens betelle. Tiisdei is der troch in tredde partij wol in claim fan goed 50.000 euro by ús dellein, op basis fan it misrinnen fan dizze plannen." Oft de gemeente dy kosten op har nimme sil, is net bekend.

Roel Dijkstra oan it wurd

(advertinsje)
(advertinsje)