McDonalds yn Drachten ferbiedt picknicken op eigen parkearterrein

As je in hamburger ite wolle by McDonalds De Haven yn Drachten meie je dat net mear dwaan oan je sels meinommen tafels en stuollen. Dêrby lûde muzyk draaie is ek net tastien. Minsken dy't dat al dogge, wurde fan it terrein set en binne net mear wolkom.
McDonalds yn Drachten ferbiedt picknicken op eigen parkearterrein
Dat skriuwt it team fan de McDonalds yn in folder dy't útdield wurdt oan de klanten. Der is op it stuit tefolle oerlêst. Safolle sels dat meiwurkers en omlizzende bedriuwen der bot lêst fan ha. De direksje giet sels safier dat se klanten dy't har misdrage fan it terrein sette en mooglik sels ferbiede op it terrein te kommen.
De ôfrûne tiid is de oerlêst allinnich mar tanommen, sa seit in meiwurker. Minsken setten kampingstuoltsjes op en rekreëarje op it parkearterrein. Ek wurdt der ûnferantwurde hurd riden.
By it terrein steane ekstra ferkearsbuorden dy't de nije regels oanjouwe.
© Google Street View