PVV en FvD kritysk op bestjoersakkoart Steaten: tefolle ynset op enerzjytransysje

19 jun 2019 - 12:21

De PVV yn Provinsjale Steaten is tige kritysk oer it presintearre bestjoersakkoart 'Gelok op 1'. Neffens de PVV ynvestearret it provinsjaal bestjoer de kommende jierren fierstente folle yn saken as de enerzjytransysje en wynmûnen.

"Fuortsmiten jild"

PVV-Steatelid Harry Graansma hat de yndruk dat de kommende jierren by de provinsje net 'Gelok op 1' stiet, mar de enerzjytransysje. De provinsje Fryslân wol dêrby graach foaroprinne en dat fynt de PVV gjin goed idee. "It binne moaie wurden, dat der minder mûnen komme, mar dat is net wier. It wurde inkeld mear, want doarpen en boeren kinne in mûne krije. We ha noch tiid om te sykjen nei alternativen. Wyn- en sinne-enerzjy binne dat net, dat is fuortsmiten jild."

Harry Graansma fan de PVV

"It moat folle griener"

Matthijs Sikkes van den Berg (Grien Links) fynt it net in dúdlik akkoart. "Se ha lang praat, mar der binne gjin konkrete resultaten. We misse de urginsje om bioferskaat en klimaatferoaring oan te pakken. It stiet en falt mei de útwurking fan it akkoart. Ik hoopje dat it grien is, mar it kin ek samar griis wurde. It moat folle griener en dúdliker."

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Matthijs Sikkes van den Berg

"Ekstreem abstrakt"

De grutste opposysjepartij yn de Provinsjale Steaten, Forum voor Democratie, is net bysûnder entûsjast oer it bestjoersakkoart. "It is ekstreem abstrakt en ekstreem koart troch de bocht", seit Maarten Goudzwaard. "Der wurdt ynset op geotermy, dan moatst lang boarje, strjitten lizze iepen, mar wat smyt it op? It is in yneffsjinte wize fan enerzjyopwekke. Ik hear neat oer wurkgelegenheidsprojekten, wat is der berikt yn de lêste jierren, wat gie goed en net?"

It akkoart jout in soad munysje om opposysje te fieren. "Dêr sjogge we ek nei út."

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Maarten Goudzwaard

(Advertinsje)
(Advertinsje)