Ynspeksje hâldt grutte kontrôle fan charterskippen op Skylge

De Inspectie Leefomgeving en Transport, de Landelijke Eenheid fan de plysje, Agentschap Telecom en Rykswettersteat hâlde woansdei in grutte aksje wêrby't charterskippen yn de haven fan Skylge-West kontrolearre wurde. De ynspeksjes binne net oankundige, mar hearre net as in grutte ferrassing te kommen foar de skippers.
Ynspeksje hâldt grutte kontrôle fan sjarterskippen op Skylge
Der is yntinsyf oerlein mei de sektor oer de regels dêr't sy oan foldwaan moatte en hoe't de ynspeksjetsjinsten besykje dy te hanthavenjen. In soad skippen lizze no op Skylge en al dy skippen yn ien kear kontrolearje, is effisjinter en boppedat ek nofliker foar de skippers. Dan is der bygelyks minder oerlêst foar de gasten as wannear't de skippen ûnderweis binne.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries

Oan easken foldwaan

Der wurdt ûnder oare sjoen oft de skippen op krúsjale ûnderdielen oan de easken foldogge. Bygelyks: is de mêst goed ûnderhâlden, binne de skippen brânfeilich, wurdt de marifoan goed brûkt? Ek wurdt kontrolearre oft alle papieren op oarder binne.
De aksje bart op oanfolling fan de reguliere kontrôles.
Ferslachjouwer Remco de Vries op Skylge
© Omrop Fryslân, Remco de Vries