Bestjoeren ûnderwiisferieningen Noard-Fryslân stjoere oan op fúzje

Fjouwer middelbere skoallen yn it noarden fan Fryslân falle fan takom jier ôf ûnder ien bestjoer. Underwiisferieningen CVO Noard-Fryslân en CVO Noardwest-Fryslân binne fan doel om op 1 jannewaris 2020 te fusearjen, of uterlik op 1 augustus takom jier.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Oanlieding is de krimp fan it tal learlingen yn guon regio's en dêrtsjinoer de groei fan it tal learlingen op skoallen yn Ljouwert. Dizze 'onevenwichtige situatie', sa't de bestjoeren it neame, soarget foar ûndúdlikheid oer de kontinuïteit fan de ûnderwiisfoarsjenningen yn de regio.

Skoallen

It giet om CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne, CSG Comenius en kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert en CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer. De Jutter, de basis- en middelbere skoalle op Flylân dy't in personele uny hat mei CSG Anna Maria van Schurman, falt bûten de bestjoersfúzje. Dêrfoar wurdt nei ôfrin fan it helberheidsûndersyk nei de fúzje in oplossing betocht.
De bestjoerders fan de ûnderwiisferieningen hawwe it yntinsjebeslút foar de fúzje dellein by de ferskate meisizzenskipsrieden. Dy moatte noch mei in reaksje komme.

Gjin gefolgen foar personiel en learlingen

As de bestjoerlike gearwurking of fúzje trochgiet, dan hat dat gjin gefolgen foar de learlingen of foar it personiel, seit Joost Visser, bestjoerder fan CVO Noard-Fryslân. "Het onderwijsaanbod blijft hetzelfde." In gearwurking moat benammen skaalfoardielen opsmite. Neffens Visser kin it sels foardielen opsmite foar leararen. "Als er op een school geen plek meer is voor een leraar, kan diegene eerst kijken of er een baan op een andere school is."