Tonger is kommendeweis: wat moatst wol en net dwaan?

19 jun 2019 - 11:34

It tongerfront dat dizze woansdei oer Nederlân lûkt, is ûnderweis nei Fryslân. Tonger kin gefaarlik wêze. Op in militêr oefenterrein op de Ossendrechtse Heide yn Brabân binne woansdeitemoarn 14 minsken ferwûne rekke. It giet om bern tusken de 16 en 18 jier. Se wienen dêr foar har oplieding. Erik Sijbring is ekspert op it mêd fan bliksembefeiliging fan Van der Heide yn Drachten en hy fertelt watst wol en net dwaan moatst by tonger.

Tonger op De Lemmer - Foto: CAMJO media / Stefan Postema

"Het front is Zeeland (om 11.15 oere, red.) al voorbij en is nu bij Utrecht en gaat richting het noordoosten. Dus het komt onze kant op", fertelt Erik Sijbring.

"In huis ben je niet altijd veilig als, maar het is wel veiliger dan buiten." Ek is it better om net ûnder de dûs te stean. "Het hangt van de aardingsinstallatie af, maar ik zou zeggen: doe het niet, het kan gevaarlijk worden."

TIPS:

-gean fan it wetter ôf, sykje de haven op

-skûlje net ûnder in beam

-gean yn de hûs

-gean yn de auto sitten

-meitsje dysels sa lyts mooglik ast yn iepen fjild bist

Erik Sijbring

Ynslaggen

By syn bedriuw kinne se sjen wêr't de ynslaggen binne. Yn hiel Europa steane 140 sensoaren, wêrfan 4 yn Nederlân. Dy registrearje de sinjalen fan tonger. "We gebruiken die informatie om mensen te waarschuwen bij festivals bijvoorbeeld", fertelt Erik Sijbring.

Trefwurden: 
tonger Van der Heide
(Advertinsje)
(Advertinsje)