Histoaryske fyts- en kuierrûte yn Dantumadiel

19 jun 2019 - 11:17

De rûte wie der al, mar de buordsjes noch net. In histoaryske fyts- en kuierrûte is woansdei iepene, dwers troch Driezum en Wâlterswâld. De rûte beskriuwt de skiednis fan de beide doarpen oan de hân fan lokaasjes dy't in belangryk ferline hawwe.

Sa hat yn Wâlterswâld bygelyks de Herfoarme Tsjerke in buordsje krigen en stean yn Driezum, by it paad troch de bosk by de Rinsma State, twa ynformaasjepanielen. De fytsrûte giet troch en om beide doarpen hinne en is 24 kilometer lang. Der binne 62 plakken beskreaun.

Spesjale kommisje

In spesjale kommisje naam it inisjatyf foar de nije buorden. Doarpshistorisy Jouke Dantuma en Wieger Jacobs makken de histoaryske teksten.

Boargemaster Klaas Agricola fan de gemeente Dantumadiel sil de fytsrûte woansdeitemiddei offisjeel iepenje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)