Drachtster skoalbern fytse 17.000 kilometer

19 jun 2019 - 10:53

Bern út groep 5 en 6 fan ferskate Drachtster basisskoallen hawwe yn de ôfrûne wiken mear as 17.000 kilometer fytst. De bern diene dit om mear ûnderfining op te dwaan yn it ferkear. Gemiddeld hawwe de bern 108 kilometer fytst. Der wie sels ien dy't 400 kilometer fytst hie.

Fytspaad - Foto: Shutterstock.com

De aksje wie in inisjatyf fan Veilig Verkeer Nederland, yn gearwurking mei de gemeente Smellingerlân en de provinsje. Neffens harren binne bern kwetsbere ferkearsdielnimmers. Se skatte situaasjes net altyd like goed yn en witte sa no en dan net hokker ferkearsregels jilde. Mei dizze aksje dogge se mear ûnderfining op yn it ferkear.

Tegearre mei harren heit, mem, pake of beppe hawwe de bern de ekstra kilometers fytst. De bern waarden motivearre troch sponsorkadootsjes as se in bepaald tal kilometers fytst hiene. Dat wiene bygelyks ritsjes fan en nei it sintrum fan Drachten, in fytstocht yn de fakânsje of op de fyts nei skoalle of de sportklup.

(Advertinsje)
(Advertinsje)