Beswier tsjin gaswinning Langsweagen fan tafel fage troch Raad van State
De Raad van State hat woansdei it plan om nochris in heal miljard kúb gas by Langsweagen omheech te heljen goedkard. De Raad fage alle beswieren fan de gemeente Hearrenfean en Opsterlân fan tafel.
Earder al hie de minister fan Ekonomyske Saken him posityf útsprutsen oer de gaswinning. It ministearje seach gjin reden om it winningsplan te wegerjen, om't út ûndersyk bliken die dat de boaiemdelgong maksimaal 3 sintimeter wêze soe.
De ferwachting is sels dat de boaiemdelgong tusken de 0,6 en 1,3 sintimeter wêze sil. Dat is neffens de Raad van State sa'n bytsje, dat de kâns op bevingen mei skea minimaal wêze sil.
De gemeente Hearrenfean wie benaud dat Vermilion him net oan de fergunning hâlde soe, en mooglik langer trochgean wol mei it winnen fan gas. Mar dat docht neffens de Raad van State net ta de saak, om't dat in kwestje fan hanthavenjen is. Dêrnjonken betwivelet de Raad dat Vermilion him net oan de fergunning hâlde sil.
Teloarsteld
Wethâlder Anko Postma fan gemeente Opsterlân neamt it beslút "zeer spijtig". Het neemt de onrust onder de bevolking niet weg. Het is een teleurstelling." Neffens him leit it probleem yn de kommunikaasje yn it foartrajekt. "Er is te weinig draagvlak onder de inwoners. De minister heeft nu geoordeeld op technische uitgangspunten, maar dat gaat voorbij aan de communicatie, draagvlak en onrust. De mensen zitten met de gebakken peren, in beide gemeenten. Daar moeten wij voor waken en het signaal afgeven. Er wordt te weinig geluisterd."
De gemeente hat de earste telefoantsjes al krigen. "Vermilion moet de communicatie verbeteren. Het wantrouwen is er nog. Dat signaal zullen we weer afgeven."