Kollum: "Omride"

"Koartlyn kaam der út de wrâld fan oannimmers en lju dy't ferstân ha fan ferkear en wettersteat de fraach om mear jild foar it ûnderhâld fan brêgen en sa. Dat skynt oeral wat efter te rinnen.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Skynt. Dat is in polityk wurd. It rint in hiel ein efter. Der stiet op dy giele buorden noait de datum wêrop't se pleatst binne, mar neffens my stiet der al langer as in heal jier op gâns giele buorden dat as in frachtwein mear as 50 ton waacht, dat dy dan mar net mear oer de Spannenburger brêge, oer it Prinses Margrietkanaal by Tsjerkgaast ride moat. Omride. De brêge sit ek noch op in weikrusing. Dus alderheislikst omride.
Ik soe ek wol wolle dat sokke weinen net nei Fryslân hoegden, mar dat ha we al lang ferlern. As der nei in lyts doarpke yn Fryslân, inkeld berikber lâns in 60 kilometer dykje, immen ferhûzet en der moat in nij kastje komme dan sit dat yn in swiere 16-tsjillige frachtwein. Dy lit gewoan diken en brechjes fersakje, hy stiet mei 3-0 foar. Dat helje we net wer werom.
Dus tinke je dat se dan wol in kear begjinne sille om dy Spanneburger brêge sa te meitsjen dat dy 50-tonners der wer oerhinne kinne. Nee, dus. It is te begripen dat se dêr ek wol wat tsjinoan sjogge. We ha dit foarjier yn Warkum sjoen hoefolle tiid, minsken en jild it koste hat om de brêge wer wat netsjes te krijen, alderheislikst.
Sette se de betsjinning fan sa'n brêge ek noch oer nei Ljouwert. In tige ferantwurdlik persoan dy't dêr op de knopkes drukt. Hooplik waaie der gjin kameraatsjes út de beammen. En it bliuwt fansels tige ûnfreonlik. Der komt in motorboatsje oan, hup de brêge omheech, en wer del. Mar de folgjende fakânsjefarder wie noch krekt út it sicht fan dy kameraatsjes doe't it earste boatsje der al wie. Dy komt yn byld as de bomen delgeane. In brêgewachter te plak soe de earste efkes wachtsje litte en de brêge iepen dwaan foar beide. Dy brêgewachter is der net mear. We hâlde gjin brêgewachters mear oer en dat wie dochs it moaiste baantsje yn Fryslân.
We hienen it oer Spannenburg. In kwak auto's en fytsen moat dêroer. De brêge is ek nochal smel. Breedút kinne dy 50-tonners der ek net mear oer. Eins soe der in akwadukt komme moatte, mar dat kostet ek noch al wat sinten en omriden. Witte jim wat, we litte dat giele boerd gewoan noch in pear jier stean.
Dêr stean nochal wat giele omrydbuorden yn Fryslân. Skûlenboarch, Koatstertille, ek oer it Prinses Margrietkanaal, wolle meast net wer ticht as se iepen draaid binne. Omride. Ofslútdyk is striemin. Omride. Of swimme. En dan ha 'k it noch net iens oer de lytse rûtes mei de lytsere brechjes. Makke yn in tiid dat der noch gjin kompjûters wiene. En de kompjûters fan hjoed-de-dei kinne sokke brêgen net begripe. As jim begripe wat ik dêr mei bedoel. De brêgemakkers binne pensionado of dea.
Dus der moat jild by. Wêr wei? Ryk foar de rykswegen, provinsje foar de provinsjale diken, gemeenten foar de lytse brechjes. As it dan aanst al in kear prioriteit kriget, komt it miskien lang om let, mar wol hiel stadich wol goed.
En dêr sit de krukas. Fryslân is de wetterrykste provinsje fan Nederlân. Guon doarpen ha pas tusken 1850 en 1900 en guon noch folle letter in wei derhinne krigen. En dy moast faak oer in brechje, want ja, oeral wie ommers wetter.
Dat wetter is der noch altyd. En dêr farre boatsjes op. We meitsje no noch hieltyd trochstekken, sadat elk, klap klap, fan de Aldegeaster Brekken nei Boalsert farre kin, lâns it tsjerkje fan Westhim. Moai. Mar oer tweintich jier moat dy rûte wer oanpast wurde, want dan is der op elk sloepke in tintsje kaam dat krekt te heech is foar de brechjes. Ik sis mar wat.
Dy farder is faak in klant fan Fryslân. En wy wolle graach gastfrij wêze foar dy klant. Mar we binne der net klear foar. Wy soenen folle hastiger oan it wurk moatte. Dat kostet in knoarre jild. En in hiel soad omriden."