Brechje 'Spoelstra's Draai' yn Bakkefean rêden fan ûndergong

19 jun 2019 - 07:47

De gemeente Opsterlân woe it brechje 'Spoelstra's Draai' oer de Bakkefeansefeart yn Bakkefean fuort ha. It brechje út 1930 wie slim fertutearze en soe net mear feilich wêze. Dêrom waard keazen foar sloop. Sjoen de histoarje fan it brechje, frege it doarpsbelang oan de Historische Vereniging Bakkeveen om út te sykjen oft it dochs net behâlden wurde koe.

Foto: Google Street View

En dat is mei in soad stipe út de mienskip slagge. Der hawwe aardich wat partijen meiwurke oan it behâld fan dit brechje. "Het is een feest voor het dorp, omdat wij weer hebben ervaren hoe goed het soms werkt als mensen met elkaar samenwerken en proberen initiatieven te nemen", fertelt Fred Hoogenboom fan Historische Vereniging Bakkeveen.

"Dat is een van de verhalen die we vandaag ook aan onze leden, de inwoners van Bakkeveen en mensen die mee hebben gewerkt, willen vertellen."

Skipfeart dominant

It histoaryske belang fan de brêge is neffens Hoogenboom dat er noch ynsjoch jout op in tiid wêryn't de skipfeart dominant wie oer de auto en de fyts. "Het is een terugblik op de tijd waarin alles nog per schip werd vervoerd en de veenontginning nog volop aan de gang was."

It wie in tiid wêryn't in soad feroare. Oan it begjin fan de 20e iuw waarden skûtsjes net mear fan hout makke, mar fan stiel. Houten brêgen waarden izeren brêgen.

Fred Hoogenboom oer Spoelstra's Draai

De brêge bringt dus ferskate ferhalen by elkoar. "Het verhaal van een dorp dat weer wat regelt met elkaar, het verhaal over de geschiedenis van het bruggetje."

Spesjale gast

Woansdeitejûn wurdt de nije draaibere brêge iepene. Spesjale gast by de iepening is Foppe de Haan. Syn pake en beppe wennen tichtby it brechje. "Hij had allemaal herinneringen aan Spoelstra's Draai. Ik zei: als we feestvieren als het bruggetje klaar is, wil jij het dan komen openen? Hij zei enthousiast dat hij al wist wat hij zou gaan vertellen."

(advertinsje)
(advertinsje)