Sealfuotbalklup Avanti koe net oars as frouljusteam weromlûke út earedifyzje

19 jun 2019 - 07:25

It wie in dreech beslút foar it bestjoer fan sealfuotbalklup Avanti, om de froulju werom te lûken út de earedifyzje, mar it koe net oars. Dat seit foarsitter Dominick van Diggelen fan de klup út Stiens.

Jessie Prijs (l) en Tessa Grashuis (r) - Foto: www.dijksfotografie.nl

Sportyf sjoen gie it dit seizoen net geweldich, de froulju einigen as lêste yn de kompetetysje. Dat wie lykwols net de reden om it team werom te lûken. Neffens de foarsitter binne der meardere redenen.

Der wie lang ûnwissigens oer hokker froulju noch yn it team bliuwe soene. Hy hie al kontakt mei in eventuele nije trainer, doe't twa spylsters yn it al úttinne team ek keazen foar in oare klup, Drachtster Boys. De tiid om ferfanging foar harren te sykjen, wie der net.

Gjin tastimming

Neffens Van Diggelen is ien fan de problemen dat de oare fuotbalferiening yn Stiens spylsters gjin tastimming jout om njonken fjildfuotbal ek yn de seal te spyljen. Der binne goeie spylsters by dy't ek hiel goed by Avanti spylje kinne soene, seit er.

Der is yn Fryslân ek wer in nije sealfuotbalklup oprjochte. Dat soarget foar noch mear fersprieding fan goeie spylsters. Boppedat leit Stiens net echt sintraal. It is in optelsom dy't derfoar soarget dat der net in represintabel earedifyzjeteam delset wurde kin.

Het doet zeer. Er zitten mensen in het bestuur die de club mee hebben opgericht in de jaren 80, dus dat doet zeer.

Foarsitter Dominick van Diggelen fan Avanti út Stiens

It wie dreech dat dit beslút naam wurde moast, fertelt Van Diggelen. "Het doet zeer. Er zitten mensen in het bestuur die de club mee hebben opgericht in de jaren 80, dus dat doet zeer."

Hy hopet dat der op termyn wol wer in better team komme kin, mar foarearst wurdt der mear ynset op de manlju dy't dit jier promovearre binne nei de topklasse, en ek op de jeugd. De klup hopet mear jongerein oan te lûken foar in bettere takomst fan de klup.

Foarsitter Dominick van Diggelen fan Avanti oer it weromlûken fan de froulju út de earedifyzje

Trefwurden: 
Stiens frouljusfuotbal Avanti
(Advertinsje)
(Advertinsje)