Motorrider giet ûnderút en rekket ferwûne by Marrum
By in iensidich ûngelok op de Ljouwerterdyk, de N357, by Marrum is tiisdeitejûn in motorrider ferwûne rekke. De man botste tsjin de ôfwetteringsrâne fan de dyk en gie dêrnei ûnderút.
It slachtoffer is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele oan syn ferwûnings. De motor rekke swier skansearre en is troch in berger fuorthelle.