Ferdwûn ûnderdiel fan keunstynstallaasje Oerol wer te plak

Goed nijs foar keunstner Marco Barotti op Oerol. De mjitapparatuur dy't fan 'e wike ferdwûn wie, is wer te plak. Dat meldt de organisaasje fan Oerol op Twitter.
It ûnderdiel dat mist út de keunstynstallaazje 'Clams' © eigen foto
De keunstmjittige skulpen, dy't makke binne fan recycled plestik, leine yn de Waadsee by Easterein, mar se wiene net mear te finen. Op de skulpen siet in sensor, dy't gegevens fan it wetter mjit. Sûnder dy gegevens wurket de keunstynstallaasje net goed.
No docht bliken dat in eilânbewenner de skulpen út goede bedoelings meinaam hie. Se lizze no wer te plak. It symfoanyske lûd fan de keunstynstallaasje is woansdei wer te hearren.