Rûzige ekstra riedsgearkomste oer miljoenetekoart Dantumadiel

18 jun 2019 - 22:56

Yn de gemeente Dantumadiel wie tiisdeitejûn in rûzige ekstra riedsgearkomste oer de finansjele situaasje. De gemeente hat in miljoenetekoart. Boargemaster en wethâlders fine it dêrtroch net ferantwurde om subsydzje te jaan oan it nije multyfunksjonele sintrum yn Feanwâlden. En dat pikke de doarpsbewenners net.

Der wie middeis in grut protest organisearre op de Koemarkt yn it Feanwâlden. Yn optocht gie it dêrnei troch nei it gemeentehûs yn Damwâld, dêr't de ekstra riedsgearkomste wie oer de tekoarten op it Sosjaal Domein en de gefolgen dêrfan.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

It waard in emosjonele en rûzige jûn yn de riedseal. De opposysje foel it kolleezje bot oan op de wize wêrop't it de tekoarten oanpakke wol en oer de oarsaken derfan. Der wiene trije moasjes yntsjinne. Ien dêrfan wie in moasje fan ôfkarring. Dy waard fuortstimd en ek in oare moasje helle it net.

Oer Feanwâlden en it doarpshûsplan waard yn de riedsgearkomste wol sprutsen, mar dúdlikheid kaam der net. Alle herstelplannen fan it kolleezje wurde pas nei de simmer behannele. De komst fan it doarpshûs bliuwt dêrtroch faai. De inisjatyfnimmers tinke nei oer fierdere (juridyske) aksje.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries by it protest yn Feanwâlden

(advertinsje)
(advertinsje)