Donkerbroek wol doarpssintrum yn nij duorsum gebou

It doarp Donkerbroek wol in nij doarpssintrum hawwe. De doarpsbewenners hawwe tiisdeitejûn in plan dêrfoar oerlange oan de gemeenteried fan Eaststellingwerf. It plan omfettet in ynvestearring fan 2,4 miljoen euro. In grutte groep Donkerbroeksters wie oanwêzich by de gearkomste.
© Lourens Looijenge
It nije doarpssintrum moat in tal ferâldere foarsjenningen ferfange troch ien duorsume akkommodaasje, fine de ynwenners fan Donkerbroek. Der soe in sportseal yn komme moatte en ek de aktiviteiten fan Pro Rege en it doarpshûs soene der plak krije moatte.