Earste bekerwinst foar Mid-Fryslân nei stunt tsjin LDODK

18 jun 2019 - 22:21

De noardlike bekerfinale tusken de twa Fryske ploegen LDODK en Mid-Fryslân is in proai wurden foar Mid-Fryslân. Yn in drege mar spannende finale om de Jan Mulder-beker stie underdog Mid-Fryslân hast de hiele wedstriid op foarsprong. En troch twa rake worpen fan Wessel Bergsma pakten de haadklassers foar it earst yn harren histoarje de beker: 16-14.

Oan it begjin fan de wedstriid wie it gat fan de koer lestich te finen foar beide ploegen. Nei acht minuten wie der mar ien skoare te notearjen. Allinnich Mid-Fryslân, dy't ien klasse leger útkomt as LDODK, wist te skoaren: 1-0. It wie pas nei 12 minuten en in 3-0 efterstân dat André Zwart út in strafworp foar it earst raak sjitte foar LDODK.

Ek dêrnei bleaunen de punten krap. Stadich mar wis wie it de haadklasser Mid-Fryslân dy't útrûn. It ferskil wie efkes fjouwer punten. Mar oan de ein fan de earste helte like LDODK wekker te wurden. By it skoft stie it 8-6 foar Mid-Fryslân.

Nei de tee stie it fizier noch hieltiid net op skerp by LDODK, dat jilde ek foar Mid-Fryslân. Op 9-9 like de ploech út Terwispel en De Gordyk einliks oan te heakjen, mar doe wie it Mid-Fryslân dy't wer útrûn nei 11-9. Ek op in 11-11 stân koe in frije worp gjin útkomst biede oan de spilers fan LDODK.

LDODK dochs op foarsprong

Mei acht minuten te gean pakte LDODK dochs foar it earst yn de finale de foarsprong: 13-12. Sa like de ploech op tiid wekker, mar dêr rekke Mid-Fryslân net troch fan slach. Wessel Bergsma wie úteinlik de matchwinner troch by in 14-14 stân yn de lêste trije minuten noch twa kear te skoaren foar Mid-Fryslân.

Sa is it foar de ploech út Grou en Reduzum nei trije kear skippersrjocht. Yn harren tredde finale yn de histoarje kinne de haadklassers de Jan Mulder-beker yn de loft hâlde.

De noardlike bekerfinale kuorbal tusken LDODK en Mid-Fryslân is hjir werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)