Elfwegentocht einiget as twadde by Europeeske duorsumenswedstriid

18 jun 2019 - 21:05

Elfwegentocht 2018 fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân is twadde wurden by de EU Sustainable Energy Awards yn Brussel. It fossylfrije projekt wie ien fan de trije finalisten yn de kategory engagement. In Frânsk projekt, mei de namme Bardzour waard ferkeazen ta it bêste duorsumensprojekt fan Europa.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De prizen binne foar projekten dy't bydrage oan in skjinne en duorsume takomst foar de boargers yn Europa. Bouwe de Boer, enerzjykommissaris fan Fryslân en projektlieder fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân, is tige optein mei de priis. "Op it poadium stean fan de duorsumenskonferinsje yn Brussel, wa hie dat in pear jier lyn tinke kinnen? De Freonen fansels! De kommende jierren dogge we der noch in skepke boppe-op: op nei de Elfwegentocht 2020!"

By de Elfwegentocht reizgen yn july ferline jier mear as 100.000 Friezen fossylfrij. Mei elektryske auto's, griengasbussen, fytsen en oare duorsume ferfiermiddels toerden de dielnimmers troch de provinsje.

Elfwegentocht yn 2020

Takom jier binne der twa fossylfrije wiken yn juny en dan net allinne yn Fryslân, mar ek yn Grinslân en Drinte.

(advertinsje)