Skutslûzen bepale helte fan oanbod oan iten yn de Waadsee

18 jun 2019 - 20:52

It rike boaiemlibben fan de Waadsee kin net allinnich taskreaun wurde oan de algen yn de Waadsee. Dêr waard wol altyd fan útgien. Ut ûndersyk docht no bliken dat in grut part fan fiedingsstoffen út rivieren dêr mei ferantwurdlik foar binne. Undersikers fan it NIOZ (Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee) en de universiteit Utrecht ha dat bekend makke yn it wittenskiplike tydskrift PLOS ONE.

De Waadsee foar de Fryske kust - Foto: Remco de Vries

It Waad is in bysûnder natuergebiet, dêr't in grut ferskaat oan fûgels, fisken en seesûchdieren iten fynt yn de boaiem. It giet dan om kokkels, moksels en oesters. It wetter is ryk oan fiedingsstoffen - stikstof en fosfaat - dy't yn de maitiid soargje foar de groei fan mikroskopysk lytse plantsjes: sweevjende algen en boaiemalgen. Dy algen wurde iten troch de skulpdieren.

Oant no waard tocht dat dizze sâltwetteralgen de basis wiene foar dat rike boaiemlibben. Mar út it ûndersyk fan de wittenskippers docht no bliken dat der noch in belangrike fiedselboarne is foar skulpdieren dy't yn de buert fan skutslûzen libje: de swietwetteralgen. It ûndersyk is útfierd by Balgzand, in grutte waadplaat yn de Westlike Waadsee. Dêr wurdt swiet wetter fia de skutslûzen yn Den Oever ôffierd nei de Waadsee. De helte fan it iten foar de kokkels, moksels en oesters komt út dat swiete wetter.

Undersiker Katja Philippart fan it NIOZ en de Universiteit fan Utrecht: "Verschillende rivieren monden uit in de Waddenzee, zoals bij Balgzand, maar ook oostelijk in de Waddenzee bij de Eems, Elbe en Weser. Hoe het zoete water verdeeld wordt over deze rivieren, kan invloed hebben op de groei en ontwikkeling van bodemdieren en daarmee op het lokale voedselaanbod voor vogels en vissen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)