Kolleezje Ljouwert sjocht gjin tûkelteammen mear foar WTC-gebiet

18 jun 2019 - 20:40

It kolleezje fan de gemeente Ljouwert hat it bestimmingsplan foar it WTC-gebiet klear. It kolleezje hat alle achttjin sjenswizen fan ferskate partijen troch west en is derfan oertsjûge dat dit bestimmingsplan helber en juridysk goed ûnderlein is. It wurdt no oan de ried foarlein.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Neffens wethâlder Hein de Haan (PvdA) binne der ferskate tûkelteammen dy't der noch leine, yn it plan oanpast. Sa komt der in hegere griene wâl tusken it gebiet en de omlizzende wenwiken. De omwenners wiene benaud foar lûdsoerlêst en in minder moai sicht. Dat is dêrmei oplost, neffens it kolleezje.

Neffens de wethâlder binne de wykbewenners tefreden mei de oplossing. De kosten binne no wol 175.000 euro heger. Yn stee fan de 2 ton moat der 375.000 euro foar komme. Dat wurdt oan de ried foarlein.

It stikstofprobleem is neffens de wethâlder net fan tapassing. De gemeente hat ûndersyk dien nei de eventuele útstjit fan stikstof en de gefolgen foar De Alde Feanen. Dy binne der neffens him net.

Wethâlder Hein de Haan oer it bestimmingsplan WTC/Cambuur

It tekoart fan 4,5 ton dat ûntstie troch ekstra kosten foar boaiemsanearring is dutsen yn de besteande budzjetten foar boaiemsanearing fan fersmoarge grûn. De ried hoecht dêr dus gjin ekstra budzjet foar frij te meitsjen.

Oankommende woansdei kin de gemeenteried technyske fragen stelle, in wike letter is der in petear tusken de ried en de omjouwing, De ried debatearret dêrnei oer it plan. Op 8 of 10 july moat der dan in klap op komme.

Wat is it stikstofprobleem?

Yn de PAS-regeling wurdt toetst oft bepaalde aktiviteiten safolle stikstof útstjitte dat it neidielige gefolgen hat foar de natuer. Yn de PAS wurdt yn 't foar tastimming jûn foar aktiviteiten dy't mooglik skea oan dy natuergebieten feroarsaakje. It wie in metodyk om te berekkenjen wat de ynfloed wie fan bygelyks in gebou, in dyk, in yndustry is op in natuergebiet. Sa'n tastimming foarôf mei fan de Ried fan Steat net mear.

Trefwurden: 
Ljouwert Cambuur WTC
(Advertinsje)
(Advertinsje)