Ielaak út Heech nei rêstige oertocht oankaam yn Ingelân

18 jun 2019 - 20:05

De ielaak Korneliske Ykes II út Heech is tiisdeitemiddei oankaam oan de Ingelske kust by Lowestoft. Foar it earst nei tachtich jier sette de aak mei libbene iel ôfrûne sneon ôf út Fryslân. It wie in rêstige oertocht. It lêste stik wie sa goed as wynstil.

De ielaak is no op wei rjochting Londen. Dêr ferwachtsje se woansdei oan te kommen. Yn it wykein stiet it earste evenemint op it programma. Der komme tal fan klassike skippen byinoar.

Oanlieding fan de oertocht is in idee dat yn 1999 ûntstie foar in rekonstruksje fan in ielaak. Fan it begjin ôf wie it de bedoeling om nei Ingelân te silen. De ielaak en de bemanning sille ein juny ek by in wrâldkongres oer duorsum fiskjen wêze. Op 7 july ferwachtet de Korneliske Ykes II wer yn Heech oan te kommen.

Skipper Johannes Hobma oer de oertocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)