Avanti-froulju lûke harren werom út earedifyzje sealfuotbal

De sealfuotbalsters fan Avanti út Stiens spylje takom jier net yn de earedifyzje. Om de kompetysje serieus yn te gean, kin der net in goed genôch team oprjochte wurde, fine se.
Jessie Prijs (l) en Tessa Grashuis (r) © www.dijksfotografie.nl
Neffens foarsitter Dominick van Diggelen wurdt der te folle yn deselde fiver fiske troch de sealfuotbalklups yn Fryslân en Grinslân. Ek fjildfuotbalferieningen rjochtsje hieltyd faker in sealteam op en der is ek nochris in nije sealfuotbalklup oprjochte. Neffens him helpt dat net om de top byinoar te hâlden.
Avanti wie de earste sealfuotbalklup fan Nederlân dy't op eigen krêft mei sawol in manljus- as in frouljusteam op it heechste nivo útkaam. De kommende tiid sil de klup him rjochtsje op it earste manljusteam dat promovearre is nei de topklasse.
De froulju sille wer yn de earste klasse útkomme. De klup hopet dat der yn in pear jier tiid wer boud wurde kin oan in bettere ploech, dy't wol op it heechste nivo útkomme kin.